Jildstipe foar greidekij

07 jul 2007 - 12:46

De Feriening Noardlike Fryske Wouden hat freed in sjek oerlange fan 9000 euro oan de stichting Weidegang. De feriening fynt it wichtich dat der mear kij yn 'e greide te sjen binne. Dat is goed foar de Fryske identiteit en better foar de kwaliteit fan de molke.

It jild is bedoeld om boeren dy't de kij bûten hawwe, finansjeel te stypjen. Ek grutte suvelkonserns sille jild stekke yn it greidefûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)