Lintsje foar Jacob de Haan

Lintsje © ANP
Jacob de Haan (81) fan It Hearrenfean is fan snein beneamd as lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Yn in spesjale tsjerketsjinst hat boargemaster Van der Zwan him de keninklike ûnderskieding opspjelde. De Haan krige it lintsje foar syn aktiviteiten foar de Baptistegemeente. Sa wie hy 40 jier dirigint fan it koar en is hy al sûnt 1950 de fêste oargelist en pianist fan de gemeente. Mar ek op finansjeel mêd wie hy aktyf ûnder oare as administrateur fan de ledebydragen en it boufûns fan de gemeente.