Cambuur wint oefenwedstryd

© Omrop Fryslân
Cambuur hat de earste oefenwedstryd fan it seizoen wûn. De tradisjonele tsjinstanner wie DTD út Jelsum/Koarnjum. De rêststân wie 0-5, de einstân 0-7. De nije trener Jurrie Koolhof wie tefreden oer de earste helte, oer de twadde minder.
De nije oanwinst Marc Mboa út Kameroen wie mei trije doelpunten topscoorder. De oare doelpunten waarden makke troch Van der Heide, Dijkhuizen, Barakat en Ketting.