Tafersjochhâlders meie bekeure

© Omrop Fryslân
Sân tafersjochhâlders yn Noardeast-Fryslân meie tenei bekeurings útskriuwe foar lytse oertredings. It giet dan ûnder oare om it drinken fan alkohol op de iepenbiere dyk en om pisjen op strjitte. De sân binne aktyf yn de gemeenten Achtkarspelen, Kollumerlân, Dongeradiel, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim.
Der alve tafersjochhâlders yn it gebiet en noch in tal learlingen.