Hepie en Hepie yn Top 50

Hepie en Hepie
It nûmer ´Ons Dorp´ fan Hepie_en_Hepie is dizze wike op nûmer 34 de Top 50 binnenkaam. ´Ons Dorp´ is de earste singel fan de Hepie´s, neidat se sûnt 18 jier wer in duo foarmje. It súkses fan ´Ons Dorp´ is benammen te tankjen oan regionale en lokale stjoerders en oan it piratensirkwy.
Yn 1980 hienen Hepie_en_Hepie in grutte hit mei ´Ik lig op mijn kussen stil te dromen´.