Wetterwenningen nei Ljouwert

06 jul 2007 - 18:51

De wyk Suderbuorren yn Ljouwert krijt der nije wike in tal wetterwenningen by. De driuwende wenningen wurde by de bouwer yn Hoorn yn it wetter litten en dêrnei nei Ljouwert fearn. It giet om twa transporten fan beide twa wenningen.

De wetterwenningen bestean út trije ferdjippingen en hawwe ek in dakterras. Mei-elkoar komme der sân wetterwenningen, dy binne op ien nei ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)