Wa folget Dales op?

06 jul 2007 - 17:12
  • Auke de Sloper as boargemaster?

Ljouwert wol in boargemaster mei in waarm hert. De namme fan Auke de Sloper wurdt sels neamd. Nei't Dales de Fryske haadstêd tongersdei útswaaide, is it de fraach wa't syn opfolger wurdt. Yn oktober moat Ljouwert wer in boargemaster ha.

Jongeren jouwe it advys om in allochtoane boargemaster te beneamen. Se ha in profylskets makke en dy yn de foarm fan in filmke opstjoerd nei de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)