Wâldrockterrein is dridzeboel

06 jul 2007 - 15:44
  • it terrein is wiet

Wâldrock hat lykas elkenien ek te lijen fan it minne waar. Troch de rein is it festivalterrein by Burgum op guon plakken hiel wiet. De organisaasje docht alle war om it goed ferrinne te litten. Der is op de tweintichste edysje in ekstra poadium yn in tinte.

Oant no ta binne der sa'n 4500 kaarten ferkocht. Within Temptation, Osdorp Posse en de Dropkick Murphy's sille optrede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)