Plysje-akademy nei Drachten
Ljouwert hat gjin plysje-akademy mear. It gebou oan de Ouddeelstrjitte is freed sletten. De skoalle ferhuzet nei Drachten. Dêr wurdt ien grut opliedingssintrum foar Noard-Nederlân boud mei plak foar 350 studinten. Se folgje in opleiding ta meiwurker fan de plysje.
It gebou yn Drachten wurdt heal augustus yn gebrûk naam.