'Eigen bedriuw foar frou'

06 jul 2007 - 13:56

De PvdA-Ljouwert wol dat froulju sûnder wurk in eigen bedriuw begjinne. In soad fan dizze froulju sitte thús en krije kwalik de kâns oan it wurk te gean. De Ljouwerter PvdA tinkt dat it dochs mooglik is as se in bedriuw fanút hûs begjinne as pedikuere of it meitsjen fan taarten.

Sa'n soart projekt yn Grins is in grut sukses. Wethâlder Marga Waanders is entûsjast en sil besjen oft it plan út te fieren is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)