Doarwarder by sportklubs

sportklubs krije doarwarder op besite
Sportferienings yn Frjentsjerteradiel dy't de hierferheging fan de fjilden net betelle ha, krije in doarwarder op besite. It kolleezje hat dat de klubs meidield. Fanwege besunigings is de hier yn 2005 mei 15.000 euro ferhege.
Tal fan klubs ha út protest net betelle. Nettsjinsteande krityk fan guon riedsleden is it ynskeakeljen fan in doarwarder nedich, neffens de wethâlder. Guon sportferienings moatte noch 45.000 euro betelje.