Donald Ducktrui foar ljeppers

06 jul 2007 - 10:06

De jongste leden fan fierljepferiening It Heidenskip ha tongersdei fan it blêd Donald Duck in waarme trui mei opdruk kado krigen. It stripfiguer hat wolris ljept mei in wjuk fan in beam. Dat byld is op de truien te sjen.

Twa ljeppers fan de feriening ha it blêd om truien frege om't se it nei in wietsprong faak kâld krije. It blêd jout de kommende tiid omtinken oan de fierljepsport en de truien dy't de jeugdleden krigen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)