Galama skorst; Helmholt wint

05 jul 2007 - 22:16
  • Helmholt is yn foarm

Bart Helmholt fan Hurdegaryp is wer útrûn yn it fierljep-klassemint. Troch de oerwinning yn Winsum profiteart hy maksimaal fan de skorsing fan Oane Galama. Dy skorsing krige hy omdat hy yn Grypstsjerk op de liederstrui trape nei in minne sprong. Helmholt wûn mei 18,82 meter. Rein van der Wal waard twadde.

Jacob Scherjon waard winner by de junioaren. Rijpma wûn by de jonges. By de froulju wie Alant Vlieger de bêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)