Soan besjucht rút fan heit

05 jul 2007 - 22:10
  • Van den Ham (links) tegearre mei direkteur Wagenaar fan Singelland by it rút.

De VMBO-skoalle Singelland yn Drachten hat tongersdei in bysûndere gast op besite hân. It gie om de 80-jierrige Van den Ham út Súd-Afrika. Hij kaam om it brânskildere rút te sjen dat syn heit yn 1934 foar de doetiidse lânbouskoalle makke hat. Van den Ham senior wie doe dosint oan de skoalle.

It rút wie hast ferlern gie by de nijbou fan de skoalle, mar dosint Wietse Meerstra hat him bot ynset om it keunstwurk te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)