Karre achter Connexxionbus

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Connexxion wurket oan de ûntwikkeling fan spesjale karren foar achter de Fryskerbussen. Dêr kinne banken bygelyks in jild-automaat dwaan, dy't yn in lyts doarp delset wurdt en dêr't minsken dan pinne kinne. De karren kinne ek fungeare as in soarte mini-bibliobus.
Connexxion wol mei dizze service de leefberens op it plattelân ferbetterje. Doarpsbelangen ha wol earen nei de plannen.