Bernemuseum yn Sleat

05 jul 2007 - 21:03

Der komt in bernemuseum yn Sleat. It museum stedhûs Sleat hat dêr 65.000 Europeeske subsydzje foar krigen. Mei dat jild wurdt de kolleksje toverlantearns geskikt makke foar it bernemuseum. Dy lantearns steane no op de souder fan it gebou.

It museum hie al lang de winsk spesjaal wat foar bern te dwaan. Mie de subsydzje fan Brussel is dat no mooglik wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)