SAR bliuwt earst yn Ljouwert

De SAR-helikopters bliuwe foarlopich stasjoneard op de fleanbasis yn Ljouwert.
De SAR-helikopters bliuwe foarearst stasjoneard op de fleanbasis yn Ljouwert.
Steatssiktaris van der Knaap hat dat tasein oan de Twadde Keamer. Dy hie in moasje oantrúne op in ûndersyk nei wat it kostet om de heli's nei Den Helder te ferpleatsen. Dat ûndersyk moat ek besjen oft de kwaliteit fan de helpferliening te lijen ha sil ûnder de ferhûzing fan Ljouwert nei Den Helder.