Staking Glaverbel fan de baan

05 jul 2007 - 17:12

Der komt gjin staking by it glêsfabryk Glaverbel yn Easterwâlde. De wurknimmers protestearden earder dizze wike tsjin de nije CAO-foarstellen om it persoaniel by de haadfestiging fan it konsern yn Tiel mear leansferheging te jaan as de Fryske wurknimmers.

Dy aksje had sukses hân. Neffens wurdfierder Henk Korthof fan FNV Bondgenoten is oerienstimming berikt mei de haaddireksje fan Gloverbel oer in leansferheging fan 3 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)