Grutte brân yn Sint Nyk

25 mrt 2012 - 09:54

Oan de Finkebuorren yn Sint Nyk wie snein in grutte brân yn in loads fan firma De Jong. Yn de loads leine itensprodukten foar de produksje fan biogas. De brân waard om healwei tsienen hinne ûntdutsen. In kertier letter sloegen de flammen út it dak. De brânwacht koe dreech blusse, omdat der fierstente min wetter wie. Dat moast fan Jiskenhuzen oanfierd wurde. Diken yn 'e buert waarden ôfset. Yn 'e loads stie ûnder oare in krekt kochte frachtauto fan in transportbedriuw út Sint Nyk.

Foar de loads stiet in wenhûs. Dat waard net bedrige.

Twa oare frachtauto's dy't op it hiem steane koene al rêden wurde. It dak fan 'e loads sit fol asbest, mar dat waaide de oare kant út. De eigner wie net thús op it stuit fan de brân. Hy wie ûnderweis nei Zeist doe't de melding kaam en is doe gau wer weromriden nei Sint Nyk. Tsjûgen meldden dat it hiel hurd gie mei de brân.
De brânwachtkorpsen fan Sint Nyk, Langwar, Drachten, Sleat, It Hearrenfean en De Jouwer waarden oproppen om it fjoer te blussen. Dat slagge ek nei ferrin fan tiid. Tusken de middei waard it sein 'brand meester' jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)