Tal klanten kredytbank gelyk

It tal klanten foar skuldhelpferliening is yn 2006 gelyk bleaun.
It oantal minsken dat yn 2006 by de Mienskiplike Kredytbank Fryslân binnenkaam foar skuldhelpferliening is sa'n bytsje like grut as in jier earder.
Dat is opfallend, omdat by GKB's yn oare parten fan it lân hieltyd mear minsken oer de flier krije. Dat is foar in part te ferklearjen út de aard fan de Friezen: dy komme net sa gau mei problemen nei bûten.