WEDA Groep wint Effie

05 jul 2007 - 13:15

It Ljouwerter reklameburo WEDA Groep hat in wichtichste reklamepriis wûn, de brûnzen Effie.

WEDA is it earste Fryske buro dat dizze prestisjeuze priis wint. It buro krijt de priis foar de saneamde hangmatkampanje fan De Friesland. De soarchfersekerder krige troch dizze kampanje 125.000 nije klanten. De sjuery fûn de ynformaasje yn it spotsje earlik en oprjocht, mar foaral de hingmatte hat de trochslach jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)