Unike plakette Van Schurman

05 jul 2007 - 13:07
  • It museum Martena hat in unike plakette fan Anna Maria van Schurman yn brûklien krigen.

It museum Martena yn Frjentsjer hat in unike plakkette fan Anna Maria van Schurman yn brûklien krigen.

It stik is eigendom fan sammeler Joost Ritman út Amsterdam. Doe't hy hearde dat yn it museum in útstalling is oer it libben fan Van Schurman woe hy dit stik beskikber stelle. De lakplakkette komt út de 18e ieu en lit in ôfbylding fan de wittenskipper sjen. Opmerklik is dat se by it museum net wisten dat sa'n stik bestie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)