Plannen hotel Breesândyk

© Omrop Fryslân
Der binne plannen foar in gebou op Breesândyk mei in hotel, restaurant, kongresromte en ynformaasjesintrum.
It giet om in kûgelfoarmich gebou mei in rûne oerflakte fan 42 diameter. It moat in markant gebou mei in sobere útstrieling wurde. Hotelgasten sjogge fanôf de boppeferdjipping dat se omsluten binne mei wetter. Ek moat der ynformaasje oer it ûntstean fan de Ofslútdyk en duorsume enerzjy te besjen wêze.