Ynfosintrum Ofslútdyk iepene

© Omrop Fryslân
It ynformaasjesintrum Op de Dijk oer it ûntstean fan de Ofslútdyk is woansdei iepene troch boargemaster Piersma fan Wûnseradiel en syn kollega fan de gemeente Wieringen.
It sintrum is troch Rykswettersteat by Koarnwertersân delset. Der is ynformaasje oer it ferline en de takomst fan de Ofslútdyk te besjen. De dyk bestiet dit jier 75 jier. Takom jier wurdt it sintrum in ynfopunt oer de bou fan de spuislûsen.