Destruction komt op Wâldrock

05 jul 2007 - 10:43
  • De Dútse formaasje Destruction

It metalfestival Wâldrock hat de Dútse trashmetalband Destruction op it lêste momint noch tafoege oan it programma.

Destruction ferfangt WASP, omdat dy band fanwege famyljeomstannichheden harren toernee ôfsein hat. Wâldrock wurdt kommende sneon foar de tweintichste kear hâlden op it festivalterrein by Burgum. Grutte nammen dy't spylje binne Within Temptation en Dropkick Murphys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)