Oanhâlding oerfal kasino's

Yn maaie wie der in oerfol op it kasino's op 'e Lemmer
De plysje hat woansdeitejûn in 22-jierrige man út Diemen oanhâlden. Hy wurdt derfan fertochte belutsen te wêzen by de oerfallen op twa kasino's yn Balk en op 'e Lemmer.
Yn maart wie der in oerfal op it kasino yn Balk. In persoanielslid waard derby bedrige mei in mes. Yn maaie wie it raak yn it kasino op 'e Lemmer, doe waard in persoanielslid mei in fjoerwapen bedrige. Der wurde noch mear oanhâldings ferwachte.