PvdA-riedslid Littens stapt op

© Omrop Fryslân
PvdA-riedslid Maaike Boerema is út de ried fan Littenseradiel stapt. Boerema is 'kotsmisselik' fan de hiele bestjoerskrisis. Se fielt har misledige troch de leden fan har partij yn de gemeente en bliuwt de koers fan de fraksje stypjen. Har plak wurdt ynnaam troch de foarsitter fan de PvdA yn Littenseradiel, Arie van Vliet fan Itens. Boerema is nei de ferkiezings fan ferline jier yn de ried kommen.