Fernielings yn park Snits

04 jul 2007 - 14:58

Yn it Rasterhoffpark yn Snits is foar tûzenen euro's oan fernielings oanbrocht. Der binne jiskefetten, bankjes en stekken stikken makke. De gemeente Snits hat oanjefte dien by de plysje.

It is noch folslein ûndúdlik wa't ferantwurdlik is foar de fernielderij. Njonken fernielings yn it Rasterhoffpark is der ek skea op it Keatslân en oan de Alde Toppenhústerdyk oanrjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)