Cao-konflikt by glêsfabryk

04 jul 2007 - 14:07

Mei in koarte wurkûnderbrekking en it oanbieden fan in petysje ha de wurknimmers fan glêsprodusint Glaverbel yn Easterwâlde woansdei protesteart tsjin nije cao-foarstellen.

De Fryske meiwurkers krije 4 persint mear yn twa jier tiid, mar de meiwurkers yn Tiel 5,5. De 80 meiwurkers leine it wurk no koart del, mar binne ree om dat lang te dwaan as de direksje it cao-foarstel oerein hâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)