Militêren oefenje yn Kollum
Yn de omkriten fan Kollum oefenje dizze dagen 200 militêren. Op it yndustryterrein fan Kollum, yn de Marnewaard en by Aldwâld en Mitselwier binne militêre posten oprjochte foar de oefening.
Der wurde ûngelokken yn sêne set, wêrfan de sabeare-slachtoffers nei in sikehûs brocht wurde, dat ynrjochte is yn de Marnewaard.