Utwreiding bûsjildprojekt

04 jul 2007 - 12:58

It bûsjildprojekt dat oant no ta allinnich yn de gemeente Ljouwert draaide, krijt jild fan de provinsje om ek yn oare gemeente te starten. Yn it projekt wurde kânsearme jongeren holpen in bybaantsje te sykjen.

De gedachte der achter is dat sa'n baantsje harren struktuer, in nuttige tiidsbesteging en in ynkommen jout. De ferwachting is dat se dan minder oerlêst feroarsaakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)