Ferkeap Wâldrock op stoom

04 jul 2007 - 12:56

Foar it Wâldrock-festival, kommende sneon yn Burgum, binne goed 4000 kaarten ferkocht. De organisaasje is dêr tefreden oer, ek al kaam de foarferkeap let op gong.

Om oan it besikerstal fan ferline jier te kommen, moat der noch in soad mear ferkocht wurde. Doe wiene sa'n 7000 besikers op it metal-festival. Troch de swiere rein is it festivalterrein dweiltrochwiet, mar dat jout neffens de organisaasje net in soad problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)