Noch oerfaller gokhal oppakt
Yn it ûndersyk nei de oerfallen op gokhallen is yn Diemen is in twadde fertochte oanhâlden. De man wurdt yn ferbân brocht mei de oerfallen op de gokhallen yn Balk en op 'e Lemmer.
Yn Balk waard dêrby in personielslid bedrige mei in mes en op 'e Lemmer waard in fjoerwapen brûkt. Yn juny waard yn Warkum al in earste fertochte oanhâlden en de plysje ferwachtet noch mear oanhâldings yn dizze saak.