Gastfoarsitter by ried Littens

04 jul 2007 - 12:06

De gemeenteried fan Littenseradiel kin woansdei gewoan trochgean. Boargemaster Liemburg is ree is om har foar ien jûn werom te lûken as foarsitter.

Neffens VVD'er Heeg makket dit de wei iepen om jûn gewoan oan te skowen by de rie. Moandei gie de ried net troch omdat VVD en PvdA net mei Liemburg fergaderje woene. Liemburg komt de partijen temjitte omdat se besykje wol in oplossing te finen foar it konflikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)