H'fean en Beerschot akkoart

04 jul 2007 - 11:49

Sportklub Hearrenfean hat mei Germinal Beerschot in akkoard berikt oer de oergong fan François Sterchele. De ferwachting is dat Hearrenfean en de Belgyske oanfaller der dizze wike ek mei inoar útkomme, seit foarsitter Koos Formsma.

De 25-jierrige Sterchele waard it ôfrûne jier topskutter fan de Belgyske kompetysje mei 21 goals. Hy spile oant no ta ien kear foar de reade duvels, it nasjonale alvetal fan België.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)