Keunstrûteboek Stellingwerf

03 jul 2007 - 17:54

Ynwenners en besikers fan de gemeente Eaststellingwerf kinne no makliker alle keunstobjekten besjen.

Dat komt troch dat der no in keunstrûteboek makke is mei 44 keunstwurken yn de gemeente. It boek bestiet fierders út fiif kuierrûtes, trije fytsrûtes en ien autorûte. Skriuwer fan it boek is Karst Berkenbosch. Hy makke it boek yn gearwurking mei de gemeente Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)