VVV gjin partij foar H'fean

Hearrenfean hat mei gemak in 4-1 oerwinning behelle op VVV-Venlo. Foar rêst kaam Hearrenfean op in foarsprong fan 2-0 troch goals fan Viktor Elm en Filip Djuricic. Efkes waard it noch spannend troch in moaie goal fan Barry Maguire, mar echte kânsen krige VVV nea. Fiif minuten foar tiid makke Elm dien wurk. Bas Dost makke syn status noch wier: hy skoarde net allinnich de 4-1, hy makke ek syn 23ste fan dit seizoen. Hearrenfean is no fyfde mei 51 punten út 27 wedstriden.
PSV hat likefolle punten en nimt it snein op tsjin Ajax. Feyenoord kin op likense hichte komme as se snein winne by De Graafschap. It doelsaldo fan Hearrenfean en Feyenoord is fan alle twa no +19, dus by winst giet Feyenoord oer Hearrenfean hinne.
Programma fan Hearrenfean:
Grins út
Ajax thús
NEC út
Vitesse thús
Heracles út
Twente út
Feyenoord thús