Konsternaasje oer swalker

03 jul 2007 - 16:17

Konsternaasje by it fiaduct fan De Tynje. In passant belle tiisdeitemiddei de plysje omt er in persoan lizzen seach lâns de A7.

Ambulânse en plysjeminsken konstatearden dat it gie om in man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Hy wie yn sliep fallen. Nei in kontrôle hat de plysje de swalker wer rinne litten. De man krijt gjin boete omt der neat strafbers dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)