Cambuur wol Utrecht-ferdigener

03 jul 2007 - 14:46

Cambuur hat him by FC Utrecht melden foar Jarizinho Valentijn. Algemien direkteur Alex Pama befestiget de ynteresse. De Ljouwerters wolle de spiler fan Jong Utrecht hiere omdat rjochterferdediger Dennis van der Rhee foar in lang skoft blessearre is.

Van der Rhee hat op syn fakânsje nei alle gedachten ien fan syn krúsbannen ôfskuort. It herstel fan de blessuere kostet seker in pear moanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)