Lûdsoerlêst treinen oanpakt

Arriva pakt de lûdsoerlêst fan de nije treinen op stasjons oan.
Ferfiersbedriuw Arriva lit op de stasjons stilsteande treinen mei in rinnende motor op in heger toeretal draaie.
Dêrtroch wurdt de lûdsoerlêst minder. Omwenjenden fan guon stasjons hiene klachten oer it leven fan de nije Spurt-treinen fan Arriva. It is noch net mooglik om de treinen NET stasjonêr rinne te litten. Dat kin as de stroomfoarsjenning op de stasjons ynrjochte is foar de nije treinen.