Tredde Tour foar Weening

Pieter Weening fan De Harkema begjint sneon yn Londen oan syn tredde Tour de France
Pieter Weening fan De Harkema begjint sneon yn Londen oan syn tredde Tour de France.
Oer dizze 94ste edysje fan de Ronde fan Frankryk wurdt no al in hiele protte praat en skreaun. Hurdfytsen en doping: it ferhaal sil wol nea ophâlde. Pieter Weening fynt it spitich dat it dopingferhaal sa'n ynfloed hat op it hurdfytsen. Wat de Tour oanbelanget ferwachtet Weening dat it hiel spannend wurdt.