Minder jild wegen bûtengebiet

02 jul 2007 - 22:10

Plattelânsgemeenten lûke hieltyd minder jild út foar ûnderhâld oan wegen yn it bûtengebiet.

Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert yn opdracht fan LTO-Noord. Ut it ûndersyk komt ek nei foarren dat der just mear jild nedich is om de wegen yn it bûtengebiet op peil te hâlden. Ek de feiligens op de wegen nimt ôf. It ûndersyk is yn Fryslân útfierd yn Dongeradiel en Wymbritseradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)