Strânbiblioteek foar Makkum

© Omrop Fryslân
Yn Makkum is moandei de earste strânbiblioteek fan Fryslân iepene. Strângasten kinne dêr simmerdeis fergees in boek of tiidskrift liene. De provinsje betellet der oan mei, want dy wol de minsken mear oan it lêzen ha. Yn de strânbiblioteek fan Makkum steane mear as 1500 boeken.
As de strânbiblioteek in súkses wurdt dan krije mear Iselmarplakken lykas Warkum mooglik ek in festiging.