Rob Friend fuort by It Fean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean en Borussia Mönchengladbach binne it iens wurden oer de transfer fan Rob Friend nei de Dútske club. Friend spile de twadde helte fan it seizoen 2006-2007 op hierbasis foar Heracles Almelo.
It kontrakt mei Calvin Jong-A-Pin is ferlingd oant 2011 en it kontrakt mei twadde keeper Rob van Dijk is mei in jier ferlingd. Borussia Mönchengladbach is it ôfrûne seizoen degradearre nei de twadde Bundesliga.