GPTV no ek yn Drachten te sjen

02 jul 2007 - 16:17

De Fryske kommersjele tv-stjoerder GPTV is sûnt moandei ek yn Drachten en omkriten te besjen op it kanaal fan NieuwsTV. It stasjon fan heit Wout en soan Niels Gerstel út Harns stjoert no út yn 21 Fryske gemeenten. Oant novimber ferline stjoerde GPTV allinich út yn trije gemeenten yn Noardwest-Fryslân.

Troch de oername fan in tal kanalen fan NieuwsTV waard it útstjoergebiet útwreide oant 21 gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)