NDC fuseart net mei PCM

© Omrop Fryslân
De foarnommen fúzje tusken de útjouwers NDC-VBK en de PCM is fan de baan. Dat meldt de Ljouwerter Krante, ien fan de útjeften fan de Noordelijke Dagblad Combinatie NDC.
Direkteur Jan de Roos fan NDC-VBK woe moandeitemoarn noch neat sizze oer it ôfblazen fan de fúzje. NDC-VBK siket al langer útwreiding yn Nederlân. Earder wie it doel om twa kranten yn Limburch oer te nimmen, mar dat mislearre lykas de fúzje mei PCM.