Wetteroerlêst troch swiere bui

01 jul 2007 - 16:09

In swiere reinbui hat sneintemiddei foar in soad oerlêst soarge op 'e Westerein. Yn in kertier tiid kaam safolle wetter nei ûnderen ta dat de putten it net mear oankoene. Ferskate strjitten strûpten der folsein ûnder.

Yn ferskate winkels kaam it wetter út it rioel omheech. Benammen yn de Leeuwerikstrjitte soarge it wetter foar skea. Hoe grut de skea krekt is, is net dúdlik. Ek yn Burgum stiene strjitten splis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)