Schuil ferliest finale

© Omrop Fryslân
Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert hat de finale fan it Grand Slamtoernoai yn Noarwegen ferlern. Hy ferlear mei Reinder Nummerdor fan de Brasilianen Jesus Magalhaes en Marcio Araujo. De earste set waard 21-14. De twadde set wie tige spannend. Dy waard úteinlik mei 27-25 ferlern.
Troch it heljen fan 'e finale hat it koppel him sa goed as wis pleatst foar de Olympyske Spelen. Earder wûnen se al ris in Grand Slam yn Bahrein.