Bierfet oanlieding mislediging

© Omrop Fryslân
Twa Snitsers binne sneontenacht oppakt foar útskellen fan 'e plysje. De earste wie in jonge fan 18 jier. Hy siet by in groepke dat mei in fet bier op strjitte omrûn, wylst se dêrút dronken. De plysje skreau dêr in bekeuring foar út. De jonge pikte dat net en begûn te skellen. By syn oanhâlding sneuvele ek noch in rút.
In twadde jonge, fan 20 jier, koe ek fuortendaliks mei nei it buro foar mislediging fan de plysje.