Jonge trapet bankje stikken

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn in 14-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar fernieling fan in bankje yn Terherne. De jonge hie it sitplak oan 'e Jongebuorren stikkentrape.
In tsjûge hie de fernieling sjoen en de plysje waskôge, wêrnei't de jonge oppakt waard. De plysje hat de jonge meinommen nei it buro en syn heit en mem belle. Dêrnei is de jonge wer frijlitten.